Bou twadde slús Starum begûn

05 okt 2012 - 21:27

Ballast Nedam is freed offisjeel úteinset mei de bou fan in twadde slús yn Starum. Dat barde net mei it slaan fan in earste peal, dêr wie it waar te min foar. Uteinlik waard it barren ferpleatst nei multyfunksioneel sintrum De Kaap.

De provinsje betellet 19,5 miljoen euro foar de bou fan de nije slús ynklusyf tweintich jier ûnderhâld. Takom simmer moat alles klear wêze. De besteande slús wurdt ek opknapt. Dêrtoch sil er fan 't winter in skoftke stremd wêze. Der binne dan alternative rûtes, lykas de âlde slús fan Starum.

Trefwurden: 
Starum slûs Ballast Nedam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)