Yllúzjonist by Taptoe

05 okt 2012 - 20:28

De organisaasje fan de Taptoe fan Ljouwert hat in ferneamde yllúzjonist kontraktearre foar it muzykspektakel nije wike sneon. De Prince of Illusions treedt dan op, tusken de korpsen en sjo-bands. Dy gûcheler hat koartlyn it WK foar yllúzjonisten wûn en sûnt dy tiid reizget er de wrâld oer mei syn sjo.

Op de Taptoe nimt de Blauhúster Dakkapel nije wike ek offisjeel ôfskied fan it grutte publyk. En speaker Eeuwke van der Wal presenteart de Taptoe foar it lêst. De korpsen dy't meidogge, binne middeis te sjen yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)