Striid om hoarekafergunning

05 okt 2012 - 17:19

De gemeente Frjentsjerteradiel hat te'n ûnrjochte in hoarekafergunning ferliend oan de iisklup Meiïnoar Ien. Dat fine de eigner en útbater fan kafee De Harmonie yn Seisbierrum. Takom moandei bûcht de Ried fan Steat him oer de kwestje.

Neffens de eigner fan it kafee giet it om ûnearlike konkurrinsje, om't it kluphûs fan de feriening in tal kearen yn de wike iepen is. De foarsitter fan de iisferiening is it dêr net mei iens, om't er him oan de foarskriften hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)