Problemen telefoanferbinings

De problemen mei telefoanferbinings by KPN spylje rûnom yn de provinsje. Yn Sleat is in streek dy't al dagen te krijen hat mei in steuring. Hjerbeam hat deselde problemen hân en earder kaam ek Sibrandahûs yn it nijs om't it in wike sûnder telefoan en ynternet siet. De problemen ûntsteane om't in bedriuw dwaande is âlde kabels út de grûn te heljen. De telefoankabels reitsje dêrby skansearre.
Foar partikulieren binne de steurings ferfelend, mar foar bedriuwen betsjut it ek grutte finansjele skea.
Sa kin by garaazjebedriuw en benzinepomp Siebrand Mous yn Sleat net mear tankt wurde om't de pin derút leit en der komme ek gjin ôfspraken mear binnen foar ûnderhâld en reparaasjes fan auto's. De steuring duorret no trije dagen en dêrtroch rint Mous tûzenen euro's mis.
KPN nimt maatregels om foar te kommen dat der mear steuringen mei telefoan en ynternetferbiningen ûntstean. KPN nimt kontakt op mei alle dupearren en besjocht per gefal oft de skea fergoede wurde kin.