WoonFriesland slút fêstigings

05 okt 2012 - 11:40

WoonFrieslând slút syn lytse fêstigings yn Koudum, Burgum en Easterwâlde. Dêrneist binne de kantoaren yn Drachten, It Hearrenfean en Ljouwert fan novimber ôf allinnich noch moarns foar hierders iepen. Bliken docht dat hierders hieltyd faker foar fragen telefoanysk of fia ynternet kontakt opnimme mei de wenningkorporaasje.

Yn de trije plakken dêr't festigings slute, kinne hierders dy't dat wolle foar fragen in ôfspraak meitsje foar persoanlik kontakt.

Trefwurden: 
WoonFriesland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)