Fytster ferwûne by botsing

05 okt 2012 - 11:31

In 55-jierrige frou út De Westereen is tongersdei ferwûne rekke. De frou ried op har fyts by de Reade Klaverstrjitte doe't se net foarrang krige fan in 28-jierrige automobilist út De Like. De man hie de frou oer de holle sjoen.

De frou is nei it sikehús oerbrocht. Dêr die bliken dat se har skonk brutsen hie.

Trefwurden: 
De Westereen fytster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)