Man falt bewenner thús oan

05 okt 2012 - 11:27

In 41-jierrige man út Drachten is tongersdei oanhâlden foar geweld. De man wie in hûs oan de Ecofeen yn Bakkefean binnenkrongen. Dêr gong er yn gefjocht mei de bewenner fan it hûs. De bewenner koe de man oermasterje en belle de plysje. Nei alle gedachten hie de man problemen yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
oanfal Bakkefean
(advertinsje)