Eksploazjegefaar oefensintrum

Yn it oefenskip fan oefensintrum Ricas yn Aldehaske drige tongersdeitejûn ekploazjegefaar. Oan it begjin fan de jûn wie der in lytse brân yn it skip. De brân wie gau ûnder kontrôle troch de korpsen fan De Jouwer en Tsjalbert. Grutste soarch wie it gefaar foar in ekploazje fan in drukfet en in kompressor.
Der waarden ûnderhâldswurksumheden oan it oefenskip útfierd, mar der wie ek oefene. Der binne fonken oerslein nei it materiaal dat brûkt waard foar it ûnderhâld en dat soarge foar de brân.