Boeren der op achterút yn 2013

04 okt 2012 - 18:21

Boeren gean der it kommende jier flink op achterút. Gemiddeld sa'n 1700 euro op jierbasis. Dat hat it Landbouw Economisch Instituut berekkene. Benammen it ôfskaffen fan it belestingfoardiel op reade disel is foar de boeren in flinke klap. Op jierbasis is dat allinnich al 1100 euro. Mar ek it ferheegjen fan de enerzjybelesting is in tsjinfaller foar de boerebedriuwen. Neffens foarsiiter Geart Kooistra fan boereorganisaasje LTO-Noord kin 2013 sels noch wol minder útpakke.

Neffens him wurde der yn de ûnderhannelings tusken PvdA en VVD in soad maatregels besprutsen dy't min útpakke kinne foar de agraryske sektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)