Rapport grûnoankeap yn steaten

Provinsjehûs Ljouwert © Omrop Fryslân
It rapport fan de noardlike rekkenkeamer oer de grûnoankeap troch de provinsje Fryslân tusken 2007 en 2010 wurdt op woansdei 17 oktober yn Provinsjale Steaten behannele. Ut it rapport docht bliken dat de provinsje tefolle grûn oankocht hat foar in te hege priis.
No woansdei 10 oktober sil it rapport oan de oarder komme yn de steatekommisje. Yn earste ynstânsje wie it it doel om in spoeddebat te hâlden, mar it is dus noch slagge om it op de aginda fan de steaten foar dizze moanne te krijen.