Jannewietske de Vries wint

De Vries mei har Korsikaanske tsjinkandidaat Pierre Ghionga
Jannewietske de Vries is de nije foarsitter fan it minderhedenetwork NPLD. Yn Corti op Korsika moast se mei de Korsikaanske minister fan kultuer Pierre Ghionga de striid oangean. Om har kandidatuer te ûnderstreekjen hie se struibrieven yn it Ingelsk en Spaansk by har, dêr't se harsels yn foarstelde.
Beide kandidaten krigen in kertier om harsels te presintearjen. De Vries die dat yn fjouwer talen: Ingelsk, Frânsk, Italiaansk en Spaansk. De Vries hie krekt in pear stimmen mear as har tsjinstanner.