Sproeiers mei LED op Saailân

Nij Saailân © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Op it nije Saailân yn Ljouwert binne tongersdeitemiddei sproeiers pleatst. It wetter dat út dizze fonteintsjes komt moat yn kombinaasje mei de led-ferljochting yn de grûn soargje foar in bysûnder skouspul.
De fonteinen binne net gefoelich foar steurings. Sawol de ferljochting as de sproeiers hawwe meielkoar 100.000 euro koste.