Kruiswijk werom yn basis

04 okt 2012 - 13:44

Arnold Kruiswijk liket werom te kearen yn de basis tsjin Vitesse. Ferline wike tsjin NAC Breda ûntbruts de ferdigener, omdat hy heit waard fan in dochter. Mei it weromkearen fan Kruiswijk ferhuzet Daniël de Ridder nei de reservebank.

Tsjin Vitesse hâldt Marco van Basten fêst oan it 5-3-2 systeem. Filip Djuricic en Alfred Finnbogason foarmje it spitsekoppel. Marco Pappa en Chris Kum sitte wol by de seleksje, mar begjinne op de bank.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)