Nijbou koai by Fûgelhelling

De Fûgelhelling kin troch in gift fan in fûgelleafhawwer úteinsette mei de bou fan in grutte flechtkoai. Dêrmei giet in grutte winsk fan it Oerterper fûgelopfang yn ferfolling. De koai is bedoeld foar revalidearjende rôffûgels dy't dêryn fleane kinne.
It ûntwerp foar it nije ûnderkommen is klear. Behearder Sinnema wol gau los mei de bouwurksumheden. De nije koai kostet goed 20.000 euro.