Brân yn bakkerij Hallum

04 okt 2012 - 13:04

Der hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei brân west yn ien fan de ovens fan bakkerij Van der Meulen yn Hallum. De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak. It gie om in lyts brantsje dat troch meiwurkers fan it bedriuw útmakke wurde koe. Wol hat de brânwacht noch neiblust.

Fanwege de reek dy't ûntstie moast it personiel koarte tiid út it fabryk. Neidat der luchte wie, koe der wer wurke wurde. Wol moat de oven noch makke wurde, dat hat lykwols gjin gefolgen foar de produksje.

Trefwurden: 
brân bakkerij Van der Meulen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)