Wettersport siket mear jeugd

04 okt 2012 - 12:48

Der moatte mear Fryske jongeren yn de wettersport. Dat fine Fryske ûndernimmers. Ut ûndersyk docht bliken dat der hieltyd minder jongeren op it wetter te finen binne. Dit soe ûnder oare komme omdat fakânsjes nei it bûtenlân goedkeaper wurde en omdat it net altyd like dúdlik is wat der allegear te rêden is yn ús provinsje.

De resultaten fan it ûndersyk waarden tongersdei presintearre yn Snits. De ûndernimmers prate oer hoe't se de situaasje feroarje kinne.

Trefwurden: 
wettersport jeugd fakânsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)