1000e lishin nei adopsjegesin

04 okt 2012 - 12:21

Yn Twizelerheide is tongersdei de 1000ste lishin adoptearre. De famylje De Graaf út Emmen helle fjouwer hinnen op út de opfang fan 'Red een Legkip'.

Hinnen dy't neffens de boer net genôch aaien mear lizze, wurde troch de stichting frijkocht en foar adopsje oanbean. Oars soene de hinnen nei de slacht gean, mar se kinne noch jierren libje. De stichting keapet sa no en dan sa'n 200 hinnen as in lisbatterij leechhelle wurdt. Ter eare fan bistedei krigen de hinnen yn de opfang hjoed in hinne-taart.

Trefwurden: 
adopsje lishin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)