Himpkwekerij yn fiadukt fûn

04 okt 2012 - 09:51

Under in fiadukt ûnder de Wâldwei by Garyp is woansdei in himpkwekerij ûntdutsen.

Yn in romte mei elektrisiteitskasten waarden de planten fûn. It gie om in lytse kwekerij mei 17 planten. De apparateur is yn beslach naam. De behearder fan de dyk hat oanjefte dien fan fernieling en stellerij fan stroom.

Trefwurden: 
himpkwekerij Wâldwei fiadukt
(advertinsje)