Grien ljocht fillawyk Broek

04 okt 2012 - 07:48

Yn tsien jier tiid wurde der hûndert nije huzen boud oan iepen farwetter by Broek-Súd by De Jouwer. Nettsjinsteande protesten út de buert gie de gemeenteried woansdei akkoart mei de fillawyk.

De gemeente Skarsterlân hat goede hope dat - ek al is it krisis - der fraach is nei de kavels oan iepen farwetter. De bebouwing fan it greidlân tusken Broek en de Snitsermar is omstriden en de gemeente hâldt rekken mei protesten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)