Brân op wenboat Himpens
Op in wenboat yn Himpens is yn de nacht fan woansdei op tongersdei brân útbrutsen, nei alle gedachten troch in houtkachel. De bewenner koe himsels op tiid yn feilichheid bringe. De brân ûntstie yn it plafond om de kachelpiip hinne, mar ferspriede him dêrnei fierder. De wenboat rûn in soad skea op.