Bêste oranjekoeke út Snits

03 okt 2012 - 22:56

Banketbakkerij de Korenbloem fan Snits makket de bêste oranjekoeke fan Fryslân. Yn in spannende finale yn Kafee Overwijk op De Tynje slagge it de Snitser bakkers de titel te prolongearjen. Se krigen fan de sjuery fierwei de measte punten. De twadde priis is foar bakkerij Verloop fan De Gordyk, it brûns giet nei bakkerij Nijstad út Ljouwert.

De sjuery wie goed te sprekken oer it nivo fan de ynstjoerde oranjekoeken. Der waard sjoen nei ûnder oare de folling en ek waard acht slein op de geur.

Trefwurden: 
Snits oranjekoeke Korenbloem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)