Werútjefte boek reis Barentsz

Op de Willem Barentsz-werf yn Harns is woansdei de werútjefte fan it reisferslach fan de ferneamde kaptein presentearre. It giet om in replika fan it boek dat Gerrit de Veer skreau yn 1598.
De Veer wie ien fan de seefarders dy't de reis nei Nova Zembla oerlibbe. Der wurde 500 eksimplaren drukt. In part fan de opbringst sil brûkt wurde foar de bou fan de replika fan it skip der't Barentsz mei nei de East woe.