Kultuer yn betonningsloads

03 okt 2012 - 20:44

It âlde betonningsgebou yn de haven fan Skylge krijt in kulturele bestimming. De goed hûndert jier âlde loads fan Rykswettersteat moat in soarte fan sammelgebou fan allerhanne organisaasjes wurde. Sa moatte dêr de VVV, lytse musea en it Oerol-festival in plakje krije. Wethâlder Jort Spanjer fan Skylge wol foarkomme dat de nije bestimming fan it gebou soarget foar ferlies fan arbeidsplakken, no't de betonningswurksumheden dêr ferdwine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)