Bouwmeester fynt paad omheech

14 des 2011 - 11:21

Roelof Bouwmeester hat op de tredde dei fan it wrâldkampioenskip silen yn Australië yn de Laser in 17e en fiifde plak helle. Troch dizze resultaten klimt de siler út Warten nei it 26e plak yn in fjild fan 147 Lasers. Trijefâldich wrâldkampioen Tom Slingsby (kampioen yn 2007, 2008 en 2010) bliuwt koprinner yn eigen lân. Hy wûn oant no ta fjouwer fan de seis races en hat tsien punten. Rutger van Schaardenburg, woansdei 12 en 9, is trettjinde mei 34 punten. Roelof Bouwmeester hat 48 punten.

Fan tongersdei ôf wurdt der syld yn trije nije groepen: de gouden, sulveren en brûnzen float. Mei poerbêste resultaten kin Roelof Bouwmeester noch by de bêste tsien yn de goudfloat komme, om snein meidwaan te kinnen oan de medaljerace. Dat is de finale tusken de bêste tsien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)