Jonge mislediget plysje

14 des 2011 - 11:02

In jonge fan 13 jier út Aldegea is moandeitemoarn yn De Pein oanhâlden. Hy hie de plysje misledige. De plysje ried in groepke fytsers foarby op de Hegwei doe't se hearden dat de jonge beledigjende wurden rôp. Se kearden om en hâlden de jonge oan. Op it plysjeburo is er heard en krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)