Straf foar yllegaal fjoerwurk

De plysje hat dit wykein trije ynwenners fan It Hearrenfean fan 16 jier oanhâlden foar it ôfstekken fan yllegaal fjoerwurk. Plysjes hearden sneontenacht knallerij en seagen de jonges fuortfytsen. By de oanhâlding fûn de plysje by elk fan har 20 nitraatbommen. It fjoerwurk is yn beslach naam en de jonges binne oanmelden by buro HALT. Fia dat buro kinne se har misstappen rjochtsette sûnder dat se mei justysje yn oanrekking komme.