KPN lost steuring op

03 okt 2012 - 16:54

KPN seit dat woansdeitejûn de tillefoan en ynternetferbining yn Sibrandahûs it wer docht. Tritich húshâldens oan de Burdaarderstrjitwei tusken Burdaard en Dokkum ha al twa wike gjin tillefoan en ynternetferbining. Lâns de dyk wurdt de bekabeling ferfongen, mar as gefolch dêrfan binne de tillefoanlinen skansearre. KPN sil ûndersykje wêrom't de bewenners net goed op 'e hichte brocht binne fan it wurk en de steuring. Benammen boeren en ûndernimmers hawwe der in soad lêst fan.

Trefwurden: 
KPN Sibrandahûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)