Stellerijen yn Drachten oplost

14 des 2011 - 10:37

De plysje hat in searje ynbraken oplost mei de oanhâlding fan fjouwer fertochten. It giet om trije ynwenners fan Drachten en in Ljouwerter, se binne tusken de 17 en 22 jier. Se wurde fertocht fan stellerij út fuotbalkantines, in restaurant en in garaazjebedriuw yn Drachten. Dêrneist hiene se 10 fytsen stellen. De plysje kaam de fertochten op it spoar doe't ien fan har in stellen fyts by him hie, dy't de eigner herkende. Ut it ûndersyk kamen ek de oare trije fertochten nei foaren. De fertochten binne foarlaat oan de offisier fan justysje. Se sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Drachten plysje stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)