Oldenhof krijt Fryske Anjer

Bouke Oldenhof fan De Tynje krijt dit jier de Fryske Anjer. Oldenhof is toanielskriuwer en teaterprodusint. Hy krijt de priis foar syn bydrage oan it teaterklimaat yn en bûten Fryslân. Hy wurdt dêrby ynspirearre troch de Fryske taal. Oldenhof skrea ûnder oare de teaterfoarstellingen Abe! en Peer Gynt en sette King Lear fan William Shakespeare oer yn it Frysk. De Fryske Anjer wurdt takend troch it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. De priis wurdt heal novimber útrikt. Ferline jier gie de Fryske Anjer nei sjongeres Elske DeWall.