Bioboeren ferlitte Campina

melkstâl © Omrop Fryslân
Tsien bioboeren ha har lidmaatskip fan FrieslandCampina opsein. Hoefolle Fryske boeren oft dêrby binne is net dúdlik. De bioboeren geane fuort by de suvelkoöperaasje om't se twa sinten de liter minder krije foar har molke. Dat komt om't FrieslandCampina op in oare wize de priis bepale sil. Yn it jier kin dit oprinne ta tûzenen euro's minder oan ynkomsten. Foar de biologyske boeren is dat dûbel soer, om't der in grut tekoart oan biologyske molke is. FrieslandCampina hat oanjûn dat se meikoarten mei de boeren prate oer in mooglike oplossing.