Webside mei toeristyske rûtes

boat © ANP
Alle toeristyske rûtes yn Fryslân komme op ien webside. It útsykjen fan in rûte moat dêrtroch makliker wurde. Boppedat moat de kwaliteit fan de rûtes better wurde, om't se kontrolearre wurde foardat se op de webside komme. It inisjatyf komt fan de provinsje, de Marrekrite en Tourist Info Fryslân. De webside krijt ferskillende kategoryen lykas keunst, natuer of rûtes foar bern.