Ein oan hûsbesite by âlderein

Wolwêzensorganisaasje Kearn bringt net langer previntive hûsbesites oan âlderen yn Tytsjerksteradiel. De lêste jierren kamen frijwilligers del by minsken fan 75 jier en âlder. Se fregen oft der soarch of oare help nedich wie. Kearn hâldt op mei de besites om't âlderen foar fragen en advys hieltyd faker sels nei it kantoar fan Kearn takomme of belje mei fraach foar in hûsbesite fan de âldereinadviseur.