Sydo de Jong yn ried It Bilt

It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne © Omrop Fryslân
Sydo de Jong fan Werkgroep Het Bildt sil fan 13 desimber ôf plak nimme yn de gemeenteried fan it Bilt. Hy folget fraksjefoarsitter Louwina van Noord op. Dy nimt ôfskied om't se ferhuzet nei It Hearrenfean. Wa't de rol fan fraksjefoarsitter oernimme sil, wurdt letter troch de partij besluten. De Jong hat fan 2002 oant 2010 ek riedslid west foar Werkgroep Het Bildt.