Ynternetsteuring nei kabelwurk

02 okt 2012 - 22:36

In lytse tritich húshâldens oan de Burdaarderstrjitwei tusken Sibrandahûs en Dokkum hawwe al twa wike gjin tillefoan en ynternetferbining. Lâns de dyk wurdt de bekabeling ferfongen, mar as gefolch dêrfan binne de tillefoanlinen skansearre. Benammen foar boeren en ûndernimmers is dat bysûnder lestich. De dupearren binne ûntefreden oer de tsjinstferliening fan KPN, dy't net genôch dwaan soe om de problemen te ferhelpen. De KPN wol it probleem sa gau mooglik ferhelpe. Dupearren easkje finansjele kompensaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)