Surseânse foar Henk ten Hoor

02 okt 2012 - 21:58

Winkelbedriuw Henk ten Hoor hat tiisdei surseânse fan betelling ferliend krigen fan de rjochtbank. De bank hat it kredyt fan it bedriuw opsein. De direksje sjocht gjin oare mooglikheid as de winkels te sluten. Henk ten Hoor hat 103 winkels yn Nederlân, wêrfan 17 yn Fryslân. Der wurkje 400 minsken, dy't neffens it fakbûn FNV al acht wike gjin lean mear hân ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)