Besikersrekôr Skipfeartmuseum

It guod fan de skipswerf yn Britswert is yn it Skipfeartmuseum yn Snits
It Fries Scheepvaartmuseum yn Snits hat noch noait safolle besikers hân as dit jier. Tiisdei kamen de 25.000ste en 25.001ste besiker fan dit jier lâns de kassa: Annemarie en Chris van Stratum út Eindhoven. Gewoanwei krijt it Skipfeartmuseum 23.000 besikers yn in jier. It museum tinkt dat de ekstra belangstelling komt fan de grutte ferbouwing ferline jier en fan de iepening fan it Kindermuseum. Der wie wol rekkene op mear besikers troch de fernijing, mar neffens it museum oertreft de belangstelling de ferwachtings.