Groeneveld: gjin fúzje GL-PvdA

02 okt 2012 - 19:17

Frysk GrienLinks-prominint Irona Groeneveld fielt net foar in fúzje fan har partij mei de PvdA. Twa lanlike promininten wolle de diskusje oer in fúzje mei de sosjaal-demokraten oangean. It giet om âld-Keamerlid Ineke van Gent en âld-Europarlementariër Joost Langendijk. Prate oer fúzje soe gjin taboe wêze moatte, fine se. De partij gie fan 10 nei 4 sitten yn de Twadde Keamer. Groeneveld, steatelid foar GrienLinks, fynt dat de partij syn eigen krêft werom fine moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)