Ekstra ynvestearring yn bussen

Arrivabus © ANP XTRA
De provinsje keapet foar 1,5 miljoen eksta bus- en treinritten fan Arriva. Dy komme boppe op it iepenbier ferfierspakket dat oanbestege is oan Arriva. Doel is om yn it ferlet fan busreizgers op it plattelân te foarsjen. Op 11 oktober wurdt in spesjaal sympoasium hâlden yn Ljouwert om doarpsbelangen te helpen by it opsetten fan in eigen pendelbus. De provinsje wol doarpen dêrby helpe. Ek de ekstra treinen dy't twa jier lyn tusken Ljouwert en Grins ynlaske waarden, bliuwe mei de 1,5 miljoen behâlden.