Gong by wurk Lemmerwei Snits

02 okt 2012 - 17:26

De werynrjochting fan de Lemmerwei yn Snits moat mei faasje los as it oan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân leit. As de gemeenteried it der mei iens is, set it wurk takom jier útein en foardat 2013 om is, moat alles klear wêze. It gebiet om de Lemmerwei hinne is al earder oanpakt en no is it tiid foar de dyk sels. De nije ynrjochting kostet rûchwei 1,2 miljoen euro, hast 400.000 euro dêrfan moat noch fûn wurde. It wurk wurdt no dien, omdat der tagelyk ek wat oan de riolearring dien wurde moat

Dêrneist jout de provinsje goed 280.000 euro. As alles trochgiet, komme der noch ynformaasjejûnen foar ûndernimmers en bewenners fan de Lemmerwei.

Trefwurden: 
werynrjochting Lemmerwei
(advertinsje)