'Literêre priis moat bliuwe'

02 okt 2012 - 16:14

Skriuwer Durk van der Ploeg fynt it spitich dat de Obe Postma-priis ferdwynt. Dy priis is bedoeld foar oersettings yn it Frysk. Van der Ploeg reagearret dêrmei op it plan fan deputearre Jannewietske de Vries om it literêre prize-stelsel yn Fryslân te feroarjen.

Sa wurdt it jildbedrach foar de grutte Gysbert Japicxpriis ferhege fan 5.000 nei 10.000 euro. Durk van der Ploeg wie de lêste dy't dy priis -en it âlde bedrach- wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)