Teaterdate sykje yn Snits

Yn it teater fan Snits koene minsken tiisdeitemoarn in teaterpartner sykje. De aksje wie bedoeld foar teaterbesikers dy't selskip sykje om mei nei it teater te gean. Soms ha minsken in partner dy't net fan teater hâldt of binne se allinnich. Under it genot fan it bakje kofje is it teaterprogramma trochnommen en koene minsken fuortendaliks ôfspraken meitsje en kaarten bestelle. Kommende tongersdei is der jûns om 7 oere noch sa'n byienkomst foar minsken dy't in teaterpartner sykje.