Mobyl stellen út klaaikeamer

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In 18-jierrige ynwenner fan Littenseradiel is moandeitmoarn oanhâlden op fertinking fan stellerij. In jonge fan 13 miste nei it sporten yn de sporthal oan It Hege Stik op It Fean syn mobile telefoan . Personiel fan de skoalle hie it idee dat de 18-jierrige de dieder wie en warskôge de plysje.
Doe't dy kaam hie it slachtoffer syn telefoan al werom, mar de simkaart miste der wol út. De plysje fûn dy simkaart by de 18-jierrige fertochte. Hy hat in prosesferbaal krigen. De plysje warskôget nochris om gjin guod achter te litten yn klaaikeamers.