Ynbrekker pakt yn Ljouwert

02 okt 2012 - 10:05

De plysje hat moandeitejûn in 22-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanholden foar in ynbraak yn in wenning oan de Valkstrjitte.

Buertbewenners hiene glêsgerinkel heard en de plysje belle. Dy gie derhinne en trof de Ljouwerter yn de boskjes oan. Hy is fêstsetten op it buro. Syn auto is yn beslach naam.
Yn de gong fan de wenning dêr't ynbrutsen wie fûn de plysje in part fan de bút.

Trefwurden: 
ynbrekker Valkstrjitte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)