Grypprik komt der wer oan

02 okt 2012 - 07:54

De húsdokters yn Fryslân meitsje har op foar de jierlikse grypprik. De faksinaasje is foaral bedoeld foar kwetsbere groepen dy't in ekstra sûnensrisiko rinne. Alderen of minsken mei in groanyske sykte kinne har fan heal oktober ôf by de húsdokter fergees ynintsje litte tsjin de gryp.

De grypprik wurdt ek jûn yn bygelyks fersoargingshuzen en sikehuzen. It Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu ferwachtet dat goed 3,5 miljoen Nederlanners har dit jier ynintsje litte sille.

Trefwurden: 
húsdokter grypprik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)