Jong H'fean-Grins earmoedich

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong SC Hearrenfean en Jong FC Grins ha moandeitejûn it publyk op Sportpark Skoatterwâld amper fermakke. De wedstriid einige yn 1-1. Doke Schmidt sette yn de 38e minút de thúsploech op foarsprong nei in frije traap fan Menno Heerkes. Trije minuten nei it skoft foel de lykmakker fan Matias Jones. Dêrnei bleau it 'stoarm en ûnwaar fuotbal' mei de bêste kânsen foar de Feansters. It earste part fan de beloftekompetysje sit der no op. Jong Hearrenfean is winner fan groep A mei 17 út 7. De boppeste fjouwer fan eltse groep komme yn de earedivyzje.
Ut de groep fan Jong Hearrenfean komme ek Jong Ajax, Jong FC Grins en Jong NEC/FC Oss út op it heechste nivo. Ut pûl B binne dat Jong Feyenoord/Excelsior, Jong FC Utrecht, Jong RKC Waalwyk en Jong NAC Breda. Ut groep C geane Jong PSV, Jong Vitesse/AGOVV en Jong Heracles Almelo troch. De fjirde klup út dy groep wurdt Jong FC Twente of Jong Roda JC.
By Jong Hearrenfean makke Marco Pappa in ûnwennich debút. Ek Christian Kum makke spylminuten.