Brulloft op Fiskerijdagen

01 okt 2012 - 22:02

Willem Boonstra en Geertje Nagel sille op de Fiskerijdagen fan Harns trouwe. Se binne moandei útroppen ta Fiskerijdagepear 2013. Der diene njoggen pearen oan de ferkiezing mei. It is foar it earst dat de organisaasje in brulloft hâldt. It pear wurdt de kommende tiid begelaat troch weddingplanners fan de Fiskerijdagen om der in moaie dei fan te meitsjen. Se krije in soad dingen fergees oanbean.

Kommende snein is in oare bysûndere brulloft. Koos Andringa en Tara de Jager sizze dan ja tsjin mekoar by de foarstelling 'Ja, ik wol' fan Sult.

Trefwurden: 
Harns fiskerijdagen brulloft
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)