Ombudsman nei Fryslân

01 okt 2012 - 20:14

Nasjonale ombudsman Alex Brenninkmeijer komt op 18, 19 en 20 oktober nei Fryslân om te praten mei bestjoerders en minsken op strjitte. Hy besiket ûnder oare it Waachplein yn Ljouwert, it Gemeenteplein op It Hearrenfean en de haven fan Harns. Minsken kinne by him harren klacht oer de oerheid dellizze.

Brenninkmeijer wol op dy wize de ôfstân tusken Den Haach en Fryslân lytser meitsje. Neffens de ombudsman komme der net in soad fragen út Fryslân by him binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)