'KH 2018 leit goed op skema'

De organisaasje fan Ljouwert KH2018 leit goed op skema. It bidbook mei alle plannen is hast klear. Neffens adviseur Rudi Wester binne it prachtige plannen. Se kin har net fine yn de wurden fan Huub Mous. Dy seit dat Ljouwert gjin kâns makket om yn 2018 Kulturele Haadstêd te wurden en dat der sprake is fan panyk by de opstellers fan it bidbook. Dat planneboek is 8 oktober klear en kin dan troch de ried fan Ljouwert bepraat wurde. Dêrnei moat in kommisje dizze moanne kieze tusken Maastricht, Eindhoven, Den Haag, Utert of Ljouwert.