Doazen mei DNA nei NFI brocht

01 okt 2012 - 13:46

De earste tolve doazen mei DNA-materiaal yn de saak Vaatstra wurde moandei nei it Nederlands Forensisch Instituut yn Den Haach brocht. Dat docht de ferfierstsjinst fan it Korps Lanlike Plysjetsjinsten. De ôfname fan it DNA rint noch oant en mei 11 oktober. Justysje en plysje hoopje fia dit grutskalich DNA-ûndersyk in famyljelid fan de dieder op te spoaren.

Trefwurden: 
DNA Marianne Vaatstra NFI
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)