Baggerjen De Boontjes begûn

01 okt 2012 - 12:57

Rykswettersteat is moandei begûn mei baggerwurksumheden yn De Boontjes. Yn de fargeul tusken Harns en Koarnwertersân sit in twa kilometer lange sândrompel. De beropsfeart en rekreaasjefarders hâlde dêr net altyd goed rekken mei en reitsje fêst. De drompel wurdt foar it grutste part fuorthelle. Dy wurdt 3.80 meter, in meter djipper as no. In pear hûndert meter wurdt letter oanpakt. Deputearre Sietske Poepjes en steatssekretaris Joop Atsma ha de earste skeppen bagger omheech helle. Neffens de planning moat it wurk oer twa moannen dien wêze.

Neffens skippersferiening Schuttevaer is der al 70 jier frege de ûndjipte fuort te heljen. No't dat gebeurt, hoege skippen net mear op it heechste wetter te wachtsjen om der oerhinne te farren. Skippen kinne mear fracht meinimme en is it in stik feiliger; ek foar de rekreaasjesfarders. It folgjende projekt wurdt it útdjipjen fan it Van Harinxmakanaal. Earder is ôfpraat dat it Ryk it achterstallich ûnderhâld oan it kanaal ôfkeapje soe mei 30 miljoen euro, mar dat jild is noch net oermakke. Om it kanaal útdjipje te kinnen moatte de oevers fernijd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)